Social Return leveret 350 minsken in baan op

18 feb 2015 - 20:25
  • Bou

Ljouwert is der yn slagge om de ôfrûne twa jier 350 minsken oan it wurk te krijen by bedriuwen dy't wurk foar de gemeente dogge, lykas de oanlis fan de Heak om Ljouwert. It giet om wurkeleazen, dy't sels net yn steat binne om in baan te finen, bygelyks omdat se gjin diploma ha of wat mankearje.

De gemeente wurket mei it systeem Social Return. Dat is in rânebetingst by in oanbesteging. It bedriuw dat de opdracht krijt, is hjirtroch wetlik ferplichte om minsken dy't dreech oan it wurk komme, oan te nimmen of in oplieding oan te bieden.

Neffens wethâlder Andries Ekhart is dizze oanpak in grut súkses. Omdat alle Fryske gemeenten meiïnoar gearwurkje, is der sprake fan in unike situaasje yn Nederlân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)