Socht: tolken Arabysk-Nederlânsk foar flechtlingen Oerterp

21 nov 2015 - 11:27
  • Opskrift foar flechtlingen yn in âld-opfanglokaasje op It Hearrenfean

De gemeente Opsterlân is op syk nei tolken Arabysk-Nederlânsk, dy't helpe kinne by de krisisneedopfang foar 150 flechtlingen. De opfang is fan tiisdei ôf yn MFC De Wier yn Oerterp. De tolken soene as frijwilliger oan de slach moatte.

Ek siket de gemeente noch bêdeguod. Minsken dy't ienpersoanslekkens, kessenslopen of dekbêdhoezen oerhawwe, kinne dy sneintemiddei of moandeitemoarn ynleverje by De Wier.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)