Socht op Skylge: assistinten boskwachter m/f

23 sep 2015 - 08:22

Steatsboskbehear op Skylge hat goed 50 sollisitaasjes krigen fan minsken dy't graach de oplieding assistint boskwachter folgje wolle. In ynformaasjejûn oer de opleiding luts earder al 80 belangstellenden.

De nije assistinten dêr't Steatsboskbehear nei siket moatte de boskwachter helpe wannear't it drok is yn de eilanner natoergebieten. Yn it fjild moatte se oan de slach as gastheer en tafersjochhâlder. De oplieding assistint boskwachter duorret in healjier. De lessen binne eltse freed.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)