Socht: Fryske skriuwers foar Europeesk útwikselingsprojekt

08 feb 2016 - 13:01
  • Tresoar

Tresoar siket Fryske skriuwers foar in Europeesk útwikselingsprojekt. Yn it ramt fan it projekt 'Lân fan Taal' sille fiif Europeeske lannen mei-inoar gearwurkje om in literêr netwurk op te bouwen foar skriuwers fan lytse- en minderheidstalen.

Skriuwers krije de kâns om acht wiken yn it bûtenlân te wenjen en te wurkjen en ek mei te draaien yn it kulturele libben. Yn totaal kinne fiif Fryske skriuwers oan de útwikseling meidwaan. Yn maart fynt de seleksje plak foar it earste skriuwersferbliuw yn Masedoanië. 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)