Soccerdome Hearrenfean wol 'speedsoccer' populêrder meitsje

16 nov 2015 - 15:48

De nije Soccerdome op It Hearrenfean moat it speedsoccer populêrder meitsjen yn Fryslân en de rest fan Nederlân. Dy winsk hat inisjatyfnimmer Berry Post. Speedsoccer wurdt binnendoar spile op keunstgersfjildsjes fan 14 by 30 meter. Om it fjild hinne hingje netten fan fiif meter heech. Post en Sportstêd Hearrenfean sille de kommende twa jier gearwurkje om speedsoccer op 'e kaart te krijen, bygelyks mei spesjale promoasje-eveneminten.

De bou fan Soccerdome hat lang duorre omdat de gemeente Hearrenfean yn earste ynstânsje net meiwurke.

Soccerdome siet earst op in yndustryterrein, en dat fûn de gemeente gjin gaadlik plak. Soccerdome sil no gearwurkje mei Sportstêd Hearrenfean.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)