Soberder iten yn Berchhiem

05 okt 2011 - 14:05

Berchhiem yn Burgum hat in tekoart fan 700.000 euro op de begrutting fuortwurke. It tekoart is ûntstien trochdat de ynkomsten yn de soarch weromrinne. Sûnt twa jier is der gjin fêste finansiering fan it ryk mear. Foar elke bewenner wurdt no sjoen wat oan soarch nedich is. Yn de praktyk is der minder jild beskikber.

It iten yn it fersoargingshûs is wat fersobere. De bewenners meie oanjaan oft se moarns langer lizzen bliuwe wolle. Dêrmei is de wurkdruk fermindere.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)