Sober Fjouwerdaachsefeest

18 jul 2014 - 10:02
  • Kuierders meitsje har klear foar de lêste dei fan de Fjouwerdaachse fan Nijmegen

De organisaasje fan de Nijmeegse Fjouwerdaachse betsjûget freed syn meilibjen oan de neibesteanden fan de slachtoffers dy't omkaam binne by de fleantúchramp yn Oekraïne. Op grutte byldskermen by de start en de einstreek stie in tekst ta de neitins fan de slachtoffers. Ek de yntocht sil dit jier ekstra sober ferrinne, mei minder muzyk en flachjes.

De organisaasje oerleit noch wat der krekt barre sil mei de feestjûn, dy't de fjouwerdaachse tradisjoneel ôfslút. Hjir komme elk jier tûzenen minksen op ôf.

Freed is de lêste dei fan de fjouwerdaachse, mei simmerske temperatueren rûn de 30 graden. Yn ferbân mei de waarmte hat de organisaasje foar ekstra wetterpunten lâns de rûte soarge. Oan de start steane noch goed 40-tûzen minsken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)