Soarget kasino foar ferslaving?

14 mrt 2006 - 17:21

Holland Casino lit ûndersyk dwaan nei de effekten fan de komst fan in kasino yn Ljouwert. Undersocht wurdt oft mear minsken te gokken gean en oft mear minsken gokferslaafd reitsje, as der sa'n kasino komt.

Mei de útkomsten fan it ûndersyk wurdt earst noch neat dien. Foar in goede útslach binne ferfolchûndersiken nedich. Mei de útkomsten kin in program opset wurde dat gokferslaving tsjingean moat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)