Soargen yn Toppenhuzen om mooglike gasboarrings

03 des 2015 - 18:18

De ynwenners fan Toppenhuzen meitsje harren soargen. Yn 2017 wol enerzjybedriuw Vermilion hjir begjinne mei gasboarrings. It giet om in lyts fjild op sa'n 2 kilometer djipte ûnder it doarp en de omjouwing. De boaiem soe troch de boarrings op syn meast 2 sintimeter fersakje. Mar Doarpsbelang hat dêr sa syn twivels oer, en is benaud foar skea. Sy easkje fan Vermilion dat der in 0-mjitting dien wurdt.

Vermilion hat by de doarpsgearkomste tongersdeitejûn yn Toppenhuzen tasein dat der in 0-mjitting komt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)