Soargen yn Snits nei oerfallen

07 feb 2014 - 15:41
  • In dei nei de oerfal by it bedriuw yn Snits
  • It wettersportbedriuw yn Snits dat oerfallen is
  • Plysje-ynset nei brutale, wapene oerfal yn Snits

De ûndernimmers op de bedriuwetereinen fan Snits wolle sa gau mooglik om tafel mei de gemeente om te praten oer kamerabewaking. Dat seit foarsitter Richard Veldman fan 'e feiligenskommisje fan 'e ûndernimmersferiening. De ûndernimmers wolle graach kamera's hawwe op ferskate plakken op de iepenbiere dyk om te sjen wa't der krekt op de terreinen komt.

It giet benammen om bedriuweterein De Hemmen, mar mooglik moat der ek in kamera komme op de tagongsdyk nei It Ges.

Nei oanlieding fan de wapene oerfal fan woansdeitetejûn op in wettersportbedriuw op It Ges meitsje de ûndernimmers harren soargen. Neffens de ûndernimmersferiening is Snits noch altiten ien fan de feiligste stêden fan Nederlân, mar de oerfallen fan de ôfrûne tiid set de ûndernimmers wer op skerp. De ûndernimmers sille ek sels oan de slach mei de feiligens. Bygelyks troch kamera's op te hingjen, mar ek troch kollektive ôfspraken te meitsjen mei in befeiligingsbedriuw.

De plysje yn Snits is noch altyd op syk nei tsjûgen dy't wat sjoen hawwe yn ferbân mei de wapene oerfal by jachtwerf Jetten oan de Hendrik Bulthuiswei yn Snits. Dêrby waarden twa manlju yn it bedriuw oerfallen. De fertochte fan 'e oerfal hat dyselde jûn krekt foar healwei njoggenen pind by in pinautomaat yn de Haadstrjitte yn Grou. De plysje siket minsken dy't rûn dy tiid wat fertrochts sjoen hawwe, lykas persoanen of in auto. Tsjûgen kinne kontakt opnimme mei de plysje yn Snits troch te beljen nei 0900-8844 of nei Meld Misdaad Anoniem op 0800-7000.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)