Soargen yn Harns om tsjerkehoanne en -toer

09 aug 2015 - 15:02

Noch hieltyd hat de Grutte Tsjerke fan Harns gjin hoanne op 'e toer. It bistke moast yn novimber foar in restauraasje fan de toer ôf. Doe't it boubedriuw dêrmei dwaande wie, ûntduts dy dat it keningsstyl, in konstruksje ûnder de hoanne, ek restaureard wurde moat. Mar dat kostet in soad jild en tiid, seit kosteresse Guusje Roos.

Sy wol dat de gemeente betellet foar it ûnderhâld om't dy de eigener is. Ek seit Roos dat der in soad Harnzers nei har ta komme mei de fraach oft it wol feilich is sa sûnder hoanne, om't dit ek de tongerlieder is.

De gemeente Harns koe net reagearje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)