Soargen yn Fryslân oer fûgelgryp

29 jan 2004 - 00:00

Pikeboeren yn Fryslân meitsje har hieltyd mear soargen oer de fûgelgryp yn Súdeast-Azië. De NLTO fakgroep plomfeehâlderij kin dúdlik fernimme dat boeren benaud binne dat de sykte him ferpleatst nei Europa ta. By dy soargen spilet mei dat yn Nederlân in jier lyn ek in selde soart firus west hat.

De Europeeske Uny nimt maatregels om fersprieding yn Europa foar te kommen. Sûnt tongersdei jildt in ferbod op de ymport fan sierfûgels.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)