Soargen tekoart Boarnsterhim

18 jun 2007 - 22:45

Pleatslik Belang Akkrum en Nes makket him soargen oer de finansjele situaasje fan de gemeente Boarnsterhim yn ferbân mei de útfiering fan in tal projekten yn de beide doarpen.

De gemeente Boarnsterhim hat oer 2006 in tekoart fan 2,4 miljoen euro. Troch stranger belied moat de finansjele húshâlding wer op oarder brocht wurde. Akkrum en Nes wolle no fan de gemeente witte oft projekten lyk as de Brede Skoalle neffens plan útfierd wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)