Soargen Talant oer tariven

08 des 2009 - 15:21

Soarchynstelling Talant makket him soargen oer it nije taryf dat de soarchfersekerders tenei betelje foar bern dy't gebrûk meitsje fan útfanhûs-huzen. Op 1 jannewaris takom jier sakket dat flink. Oant no ta wie de fergoeding 152 euro it bern. Yn it nije jier is dit noch mar 24,25 euro.

Talant hat seis útfanhûs-huzen dêr't de bern ien of meardere nachten bliuwe kinne. Sa binne se der eefkes út en hawwe de âlders tiid foar harsels.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)