Soargen skuldeaskers Westerbaan

07 okt 2004 - 16:03

De skuldeaskers fan it fallite Ljouwerter boubedriuw Westerbaan driigje hûnderttûzenen euro's mis te rinnen. Ald-direkteur Brander fan it bedriuw moat fan de rjochter 470.000 euro oermeitsje oan kurator Verdonk.

Dêrfan is no 150.000 euro oermakke troch de bedriuwen Boubedriuw Oost en Brandhold dêr't Brander destiids mei trochstart is. No seit de ING-bank lykwols rjocht te hawwen op dat jild fan Brander en net Verdonk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)