Soargen Rottum oer takomst

06 okt 2004 - 13:25

It doarp Rottum makket him soargen oer de takomstfyzje dy't de gemeenten Skarsterlân en Hearrenfean ûntwikkele hawwe. Dêr stiet yn dat It Hearrenfean útwreidzje sil nei it grûngebiet fan Skarsterlân, dêr't Rottum leit.

Rottum is benaud dat it dan opslokt wurde sil troch It Hearrenfean. Dat kaam tiisdei nei foaren op in foar- ljochtingsjûn oer de takomstfyzje. Rottumers stelden foar om It Fean yn de eigen gemeente útwreidzje te litten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)