Soargen PvdA oer treinferkear

20 sep 2003 - 00:00

De PvdA is bang dat it iepenbier ferfier yn Noard-Nederlân te meitsjen krijt mei minne oanslutings op de haadferbinings troch it hiele lân. Neffens de partij wurdt de efterútgong in feit as de nota Benutten en Bouwen, fan de gearwurkjende spoarweibedriuwen útfierd wurdt.

De treinen yn de Rânestêd sille yn de nota op in metro-eftich skema oergean. De oansluting op treinen yn it Noarden rekket dêrtroch yn de war.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)