Soargen provinsje oer asylsikers

15 jan 2003 - 00:00

De provinsje makket him soargen oer hoe't der mei de asylsikers op 'e eilannen omgien wurdt. Deputearre Bijman hat dat dúdlik makke oan it COA.

Op dit stuit wenje op It Amelân en Flylân noch asylsikers. It COA wol de oanfoljende opfang op 'e eilannen lykwols slute, om't yn de offisjele azc's genôch plak is. Foar guon asylsikers is it definitive opfangplak noch net klear. Sy moatte dan yn in koart skoftke tiid twa kear ferhúzje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)