Soargen by personiel Van Hall

22 apr 2005 - 14:44

Personiel fan it Van Hall-ynstitút yn Ljouwert makket him soargen oer de kommende reorganisaasje. Sa'n tsien minsken reitsje har wurk kwyt. Op de hegeskoalle wurkje 200 minsken.

Troch de gearwurking fan it van Hall mei de agraryske hegeskoalle Larenstein yn Velp binne der meiwurkeers oerstallich wurden. Mar de reorganisaasje hat ek te krijen mei it weromrinnend tal oanmeldings foar it Van Hall.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)