Soargen PAL om stoommasine

30 nov 2009 - 09:14
  • Hoe komt it mei de stoommasine fan 'e NHL?

De fraksje fan Pal/GrienLinks yn Ljouwert makket him drok om de stoommasine fan de NHL. De antike masine fan 'e eardere HTS ferhuzet net mei nei de nijbou fan de hegeskoalle omdat dat te djoer wêze soe.

Der is in swiere fûndearring nedich foar de swiere masine. Tegearre mei de ferhuzing kostet dat 43.000 euro. Pal/GrienLinks wol dat de gemeente him ynset om de masine foar Ljouwert te behâlden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)