Soargen op Waadeilannen oer helikopterferfier

18 aug 2015 - 14:09

De bewenners fan de Waadeilannen meitsje har soargen oer de helikopterflechten foar it pasjinteferfier. It liket der net op dat der op koarte termyn in oplossing komt foar de oanbesteging fan it pasjinteferfier. De helikopters dy't definsje no tydlik ynset binne eins te grut.

De boargemasters fan de eilannen hawwe dêrom oerlis hân mei boargemaster Ferd Crone fan Ljouwert, dy't ek foarsitter is fan de feilichheidsregio. Crone sil by minister Hennis fan definsje ynformearje wat der oan de situaasje dien wurde kin.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)