Soargen om Westergoawei

17 okt 2014 - 17:43
  • De frachtweinkombinaasje koe net selstannich fierder

Ynwenners fan trettjin doarpen om de provinsjale dyk tusken Ljouwert en Boalsert hinne, wolle dat de provinsje lang om let aksje ûndernimt om de dyk feiliger te meitsjen. In jier lyn is bygelyks tasein dat op it stik tusken Wommels-Noard en Boalsert trije gefaarlike krusings oanpakt wurde sille, mar oant no ta is dat noch net bard.

Unbegryplik en ûnakseptabel, seit wurdfierder Johannes Herder út namme fan de doarpsbelangen. Op dit stik fan de dyk barre geregeld ûngelokken. Deputearre Poepjes seit ta gau wurk te meitsjen fan de sitewaasje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)