Soargen om sporthal

07 jun 2010 - 22:57

Sporthal de UT-hal yn Akkrum driget te ferdwinen. Dêrfoar warskôget Pleatslik Belang yn it doarp. De eangst is ynjûn troch de bou fan in nije skoalle oan de eastkant fan it doarp. Dêr komt in gymseal by. De skoallen hoege dan net langer hier te beteljen foar it brûken fan de UT-hal.

Dy hat no krekt dy ynkomsten hurd nedich om rendabel te bliuwen. Pleatslik Belang Akkrum trunet der no by de gemeente Boarnsterhim op oan in lytse gymseal by de skoalle te bouwen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)