Soargen om brêge Wergea

06 aug 2012 - 13:42

Pleatslik belang fan Wergea makket him grutte soargen oer de brêge yn it doarp. Der sitte gatten yn it dek dêr't gau wat oan dien wurde moat. Pleatslik belang hat dêrom in brief skreaun nei de gemeente Boarnsterhim mei it fersyk om gau yn aksje te kommen.

De Wergeasters binne benaud dat de gemeente in fêste brêge hawwe wol. Dan kinne der gjin boaten mear troch it doarp farre. Benammen foar de middenstân soe dat in probleem wêze, omdat dy dan mooglik in soad klanten misrint. Yn it jier soene hast 4000 boaten troch it doarp komme.

Earder hat de gemeente Boarnsterhim al witte litten dat nei it baggerjen de brêgen de heechste prioriteit hawwe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)