Soargen oer wenningmerk bliuwe

25 des 2011 - 14:34

Boargemaster Gerard van Klaveren fan Weststellingwerf makket him grutte soargen oer de wenningmerk. Hy hat dêrom in brief skreaun oan syn partijgenoat premier Mark Rutte. It kabinet wol dat wenningkorporaasjes 75 % fan harren hûzen ferkeapje, sadat de wenningmerk wer op gong komt. Van Klaveren ferwachtet krekt dat de problemen sa allinnich mar grutter wurde. De huzepriis wurdt op dizze wize noch leger en de merk rekket hjirtroch noch mear yn it slot, sa tinkt Van Klaveren.

Gerard van Klaveren hat jierren as makeler wurke, foardat er bestjoerder waard foar de VVD.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)