Soargen oer ûnderhâld diken

09 jan 2014 - 11:39
  • 80 km-dyk benoarden Dokkum

De steatefraksje fan de VVD makket him soargen oer de feiligens op de Fryske diken as de plannen fan de provinsje trochgeane. Deputearre Poepjes wol de diken fan 2015 ôf minder goed ûnderhâlde. Der wurdt wol 2 miljoen mear ynvesteard yn it ûnderhâld, mar dat is omdat it djoerder is om it wurk oan de diken te beteljen. Om it op it hjoeddeistige nivo te hâlden soe nochris 1,5 miljoen euro ekstra nedich wêze.

Neffens de VVD is it wichtich dat dat bard, foar de feiligens op de diken, mar ek foar de berikberens yn Fryslân.

Sûnder ekstra ynvestearrings bestiet de kâns dat op guon diken de maksimumsnelheid ferlege wurde moat. Minder ûnderhâld oan brêgen kin as gefolch hawwe dat frachtferkear omride moat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)