Soargen oer te min stoartplakken De Fryske Marren

22 sep 2015 - 18:58
  • ôffal

De FNP yn de gemeente De Fryske Marren hat soargen oer it tal stoartplakken yn de gemeente. De gemeente hat de gemeentewerf yn Balk ferkocht, dat terrein moat skielk slute. Der sil no ûndersocht wurde oft der bûten De Lemmer en De Jouwer ek noch oare stoarten komme moatte.

De FNP rint no al foarút op it ûndersyk en stelt dat der yn Balk en omkriten wis in stoart komme moat. Oars soene de ynwenners fierstente fier ride moatte om har grof ôffal kwyt te reitsjen. Dat soe ferfelende byeffekten hawwe kinne, lykas it yllegaal stoarten fan ôffal.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)