Soargen oer takomst tabaksfabryk

01 mrt 2005 - 11:29

De gemeente Skarsterlân makket him grutte soargen oer it fuortbestean fan tabaksfabryk Imperial Tobacco op 'e Jouwer, no 't dêr 60 minsken dien krije. De ûntslaggen binne nedich om't der minder smookt wurdt en ek troch de fierdergeande automatisearring.

Boargemaster en wethâlders fan Skarsterlân sille ynkoarten mei de lieding fan it tabaksfabryk om 'e tafel. It grut tal ûntslaggen is hurd oankommen by de gemeente.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)