Soargen oer 'skitterjend' gebou

29 aug 2001 - 00:00

It CDA yn Ljouwert makket him soargen oer it skitterjen fan it dak fan it nije ICT-sintrum yn de stêd. Sinneljocht op it glês soe automobilisten ferbline kinne wêr't ûngelokken fan komme kinne.

Neffens de projektleider is it net it glês dat sa skitteret, mar wurdt dat troch de aluminium finsters feroarsake. Dat ferdwynt oer in pear moannen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)