'Soargen oer skalygas'

26 aug 2013 - 12:13

De gemeente Lemsterlân makket him soargen oer it foarnimmen fan minister Kamp fan Ekonomyske Saken om grien ljocht te jaan foar proefboarrings nei skalygas yn Luttelgeest, flakby de gemeentegrins mei Lemsterlân. Wethâlder Jelle Wesselius fan Lemsterlân sit foaral yn noed oer de risiko's foar it grûnwetter, omdat skalygas wûn wurdt mei help fan gemikaliën, dy't it grûnwetter fersmoargje kinne.

Minister Kamp stjoerde moandeitemoarn in rapport oer it winnen fan skalygas nei de Twadde Keamer.

Ien fan de wichtichste konklúzjes fan dit rapport is dat it feilich winnen fan skalygas yn Nederlân goed mooglik is, ek yn de Noardeastpolder. Kamp sil yn oktober in beslút nimme oer mooglike proefboarrings yn de Noardeastpolder en yn Brabân.

Wetterbedriuw Vitens is kritysk oer it skalygas-rapport fan minister Kamp. Neffens Vitens hâldt it rapport ûnfoldwaande rekken mei de risiko's foar it grûnwetter en de drinkwetterfoarsjenning. Vitens fynt dat it winnen fan skalygas allinnich tastien wurde mei as der garânsjes binne dat it grûnwetter NET fersmoarge wurdt. Yn Amearika wurdt dêr op dit stuit ûndersyk nei dien. Vitens advisearret it kabinet om dat ûndersyk ôf te wachtsjen, foardat yn Nederlân begûn wurdt mei it boarjen nei skalygas.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)