Soargen oer sintrale as

28 sep 2011 - 06:38

De steatefraksje fan de ChristenUnie makket him soargen oer de oanbesteging fan de Sintrale As. Neffens de fraksje binne lokale oannimmers net yn byld by de proseduere. Troch de manier fan oanbesteegjen falle lytse ûndernimmers bûten de boat.

De projekten wurde net opdield yn lytse parten. Dêrom binne se te grut foar lytse bedriuwen. De ChristenUnie wol dat lokale ûndernimmers foarrang krije by de oanlis fan de Sintrale As.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)