Soargen oer personiel Rabobank

05 apr 2012 - 16:25

De gefolgen fan de oername fan de Friesland Bank troch de Rabobank bliuwe net beheind ta it personiel fan de Friesland Bank. Fakbûn FNV Bondgenoten hat noed oer de posysje fan de Rabobankmeiwurkers, sa lit it fakbûn witte nei in petear tusken de fakbûnen en de beide banken.

Sicht op ûntslaggen is der noch net, mar sa't it no regele is, krije meiwurkers fan de Friesland Bank in hegere opstappreemje as de kollega's by de Rabobank. Neffens bestjoerder Annelies Ossel fan FNV Bondgenoten moat dat rjochtlutsen wurde.

De fakbûnen oerlizze oer in wike mei it personiel oer de situaasje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)