Soargen oer oernames yn suvel

22 des 2009 - 11:15

De Friesland Bank fynt it soarchlik dat troch oernames de molkeferwurkjende yndustry yn Fryslân lytser wurdt. Foar de bank is de melkfeesektor fan grut belang. Troch it ferdwinen fan fabriken geane ek in soad banen ferlern.

Bestjoersfoarsitter Klaasman fynt de skaalfergrutting logysk, mar de melkfeesektor is tradisjoneel wichtich foar de Fryske wurkgelegenheid en ekonomy. De bank ferwachtet net minder omset trochdat molkfabriken slute.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)