Soargen oer oandielen

21 jan 2008 - 17:40
  • beursspesjalisten fan de Friesland Bank krigen in soad telefoantsjes

It wie moandei drok op it callcentre fan de Friesland Bank. Klanten belje nei de beursspesjalisten om advys oer har oandielen. Op alle Europeeske beurzen giet de wearde fan hast alle oandielen omleech. De AEX-yndeks sakke yn de rin fan de dei mei mear as 6 prosint nei 421 punten.

De graadmeters sakje ûnder ynfloed fan de hieltyd grutter wurdende problemen op de kredytmerk en de benaudens foar in resesje yn Amearika.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)