Soargen oer Natura 2000

03 feb 2011 - 10:17

Deputearre Konst makket him soargen oer ryksjild om Natura 2000-gebieten goed beheare te kinnen. It ryk moat besunigje, ek op natuer. Yn Fryslân binne tweintich natoergebieten mei in Europeeske Natura 2000-status. Foar de Grutte Wielen by Ljouwert is in konseptplan klear om it gebiet foar fûgels en wrotmûzen te ferbetterjen. Oan de oare 19 Naturagebieten wurdt noch wurke.

De deputearre wol gau prate mei steatssekretaris Bleeker fan natuer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)