Soargen oer molkprizenoarloch

23 mrt 2006 - 16:27

Der liket in nije molkprizenoarloch oan te kommen yn de supermerken. Nei Aldi en Lidl, hat no ek Albert Heijn de priis fan in pak healfolle molke ferlege. De kans is grut dat ek oare supermerken deselde stap meitsje sille.

Boereorganisaasje LTO Noord makket har soargen oer de nije prizenoarloch. De boeren soene wolris de dupe wurde kinne. No is it oan de suvelkonserns om der foar te soargjen dat de boeren noch in goeie priis krije foar de molke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)