Soargen oer minne fytspaden

17 okt 2011 - 12:33
  • Foto: Remco de Vries, Omrop Fryslân

De Fryske ôfdieling fan it nasjonale fytsersbûn hat soargen oer de gefolgen fan de jildkrapte by gemeenten en provinsje foar de fytsers. No al sjocht it bûn dat der hieltyd mear ûngelokken binne troch minne fytspaden.

De provinsje krijt ryksjild foar de fytser en it iepenbier ferfier, mar de ferdieling driget net alhiel nei it sin te ferinnen fan it fytsersbûn. It bûn ropt gemeenten op net te besunigjen op ûnderhâld fan fytspaden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)