Soargen oer mêst yn Jobbegea

05 jan 2009 - 19:22

Yn Jobbegea wurdt healwei jannewaris in foarljochtingsbyienkomst holden oer de ferpleatsing fan in antennemêst yn it doarp. De mêst is bedoeld foar de kommunikaasje foar de helptsjinsten en is krekt lyn ferpleatst fan de Ericaloane nei de Wolter Jagerswyk.

Dit om it netwurk fierder te optimalisearjen. Yn de Wolter Jagerswyk binne se no benaud dat de mêst skealik is foar de sûnens. Yn de byienkomst wurdt in taljochting jûn op wurking fan de antenne en de effekten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)