Soargen oer Lauwersseewei

27 nov 2009 - 10:26
  • Wethâlder Tytsy Willemsma (FNP) fan Dongeradiel

Undernimmers yn en by Dokkum meitsje har grutte soargen oer it mooglik folslein ôfsluten fan 'e Lauwersseewei tusken Dokkum en Aldtsjerk. De provinsje sil de dyk takom jier opknappe. Sa komme der rotondes by twa gefaarlike krúspunten. Mooglik wurdt it stik dyk njoggen moanne lang ôfsletten foar al it ferkear.

De gemeente Dongeradiel is poer op it ôfsluten tsjin en hat hast alle wiken kontakt mei de provinsje om oare oplossings te betinken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)