Soargen oer jild by de Nederlânske rêdingsbrigades

07 nov 2015 - 11:45
  • Der wurdt ûnder oare oefene hoe'tst feilich minsken fan in skûtsje helje moatst

It kin samar wêze dat de rêdingsbrigades der nei 2017 mei ophâlde moatte, omdat der net genôch jild mear foar is. Dat sei direkteur Raymond van Mourik fan rêdingsbrigade Nederlân sneon by in oefening fan de rêdingsbrigades op it Snitser Mar.

Twa jier lyn is besletten dat de finansiering fan dy tsjinsten oergiet fan it ryk nei de feilichheidregio's, mar dy wolle noch net ta de beurs. It jild is in útdaging neffens Van Mourik. Foar it kommend jier is der noch genôch, mar fan 2017 ôf is it op sit stuit echt in fraachteken, seit Van Mourik.

As der gjin jild komt, moatte de rêdingsbrigades ôfbouwe. Dat betsjut dat se boaten ferkeapje moatte. Neffens Van Mourik is dat net wierskynlik, mar it risiko sit der wol yn, seit er.

Der dogge 120 frijwilligers mei oan de oefening op it Snitser Mar, út hiel Noard-Nederlân. Foar de rêdingsbrigades is it in goede gelegenheid om de sichtberens te fergrutsjen. "We moeten ons ook laten zien" seit Van Mourik, "we zijn misschien wel een beetje te bescheiden."

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)