Soargen oer ING-banen

26 jan 2009 - 12:03
  • Oft en hoefolle banen hjir ferdwine wurdt yn febrewaris bekend makke

Fakbûn CNV makket him soargen oer de takomst fan it ING-personiel yn Fryslân. Bestjoerder Ahmed_Kansouh wol sa gau mooglik dúdlik ha hokker gefolgen it baneferlies hat foar de Ljouwerter wurknimmers.

ING makke moandei bekend dat der oer de hiele wrâld 7000 banen skrast wurde. It konsern wol sa ien miljard euro besunigje. Yn febrewaris wurdt bekendmakke wêr´t de ûntslaggen by ING krekt falle sille.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)