Soargen oer iisbaan Droegeham

23 jun 2014 - 12:37
  • It bestjoer fan iisklup Eendracht foar de iisbaan

IIsklup Eendracht fan Droegeham en Pleatslik Belang fan dat doarp freegje de Rabobank om de ferkeap fan it iisbaanterrein yn it doarp út te stellen. De Rabobank hat de iisklup witte litten it terrein fan 'e wike ferkeapje te wollen. De iisklup hat de bank om oerlis frege, mar de bank is dêr oant no ta noch net op yngien.

Yn Droegeham meitsje se harren grutte soargen oer hoe't it komt mei de smûke iisbaan flak achter it fabryk fan de firma VDM. It CDA yn Achtkarspelen wol dat b. en w. no yn aksje komme om de iisbaan te rêden.

Wethâlder Marten van der Veen hat de Rabobank moandeitemoarn al om opheldering frege. Hy fynt dat de bank by ferkeap de iisklup as jierrenlang brûker fan de grûn net samar passeare kin. De Rabobank hat sels ynhâldlik noch net reagearre op de krityk út it doarp Droegeham.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)