Soargen oer hotels yn Fryslân

03 nov 2009 - 11:55
  • Okkerdeis waard it WTC-hotel iepene

De hotels yn Fryslân jouwe reden ta soarch. Der binne in soad keamers bykaam de lêste tiid, mar it tal gasten groeit net. Dat konkludearret Fryslân Marketing op grûn fan sifers fan it CBS. Campings en bungalows hawwe neffens dy sifers te krijen mei flinke groei, mar hotels net.

Yn Ljouwert binne koartlyn noch twa nije hotels iepene. Fryslân Marketing hopet dat in nije kampanje dy't fan 't maitiid begûn is, effekt hat. Dy rjochtet him ek op de saaklike sektor.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)