Soargen oer fuortbestean Stichting Molens Menameradiel

09 okt 2015 - 12:15

De Stichting Molens Menameradiel is benaud foar it fuortbestean fan harren stichting. De takomst dêrfan is net mear wis troch strangere easken fanút Den Haach. Yn de POM, Professioneel Onderhoud Monumenten stiet ûnder oaren dat stichtingen 20 ryksmonuminten yn it besit hawwe moatte én dat der betelle krêften by de stichting wurkje moatte.

As stichtingen net oan de easken foldwaan kinne, krije se folle minder subsydzje.

Dit wykein is der in foto-eksposysje yn de mûne fan Marsum om't de Stichting Molens Menameradiel 40 jier bestiet.

De stichting hopet mei de eksposysje sjen te litten dat it jild echt nedich is foar al it ûnderhâld fan de mûnen dy't de stichting yn behear hat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)