Soargen oer folksriedplachting

31 okt 2003 - 00:00

De opposysje yn de Provinsjale Steaten is benaud dat Deputearre Steaten op de loop giet mei de folksriedplachting oer de sweeftrein. Yn in rapport stiet dat de riedplachting yntegrearre wurdt mei dy yn Grinslân, Drinte en Flevolân.

Earder hiene de Steaten ôfpraat dat de Fryske polityk syn hannen fan de trein ôflûkt as de mearderheid fan de befolking 'nee' seit. Dat liket mei in mienkiplike riedplachting yn it geding te kommen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)