Soargen oer ferkear op It Fean

09 sep 2012 - 13:36
  • Ferkearsfeiligens

De bewenners fan de Boargemaster Falkenawei op It Hearrenfean meitsje har grutte soargen oer de ferkearsfeiligens. Op de Falkenawei wurdt fierste hurd riden en ek wurdt faak ynhelle op plakken dêr't dat eins hielendal net kin.

Om't de gemeente gjin jild útlûke wol foar maatregels letten de bewenners ôfrûne wykein de needklok om oandacht te freegjen foar it gefaar. Mei grutte spandoeken, laserapparaten en in ferkearsplein foar de bern fregen se omtinken foar it ferkearsgefaar yn har strjitte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)