Soargen oer feilichheid N359

20 jul 2009 - 13:21
  • It krúspunt Westergowei-Berkwerterleane

De gemeente Littenseradiel hat yn in brief oan de plysje omtinken frege foar de ferkearsfeiligens op de N359, de provinsjale dyk tusken Ljouwert en Boalsert. Neffens de gemeente nimt it oantal ûngemakken op de Westergoawei ta nei't dy oanpast is.

Littenseradiel wol fan de plysje witte oft it tal ûngemakken op krusingen yn de gemeente yndied tanimt en oft dat mooglik in gefolch is fan it ûntbrekken fan stopbuorden en ynfoechstrstripen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)