Soargen oer fúzje Sionsberg

14 apr 2012 - 12:15
  • De Sionsberg

De fúzje tusken de sikehuzen Sionsberg yn Dokkum en Nij Smellinghe yn Drachten komt yn gefaar as der gjin goeie oplossing komt foar de bertesoarch yn Noardeast-Fryslân. Dat seit ynterim-bestjoerder Wagenaar fan de Sionsberg. As de bertesoarch ferdwynt út Dokkum moatte der folle mear minsken ûntslein wurde en dat hat gefolgen foar it sosjaal plan.

Ek hat it ferdwinen fan 'e kreamôfdieling gefolgen foar de berne-ôfdieling. De ôfdielingen kardiology en ortopedy binne ek ticht. Der wurdt hurd wurke om dy werom te krijen.

Wagenaar soe graach sjen dat de soarchfersekerders har ynspanne om de bertesoarch yn Dokkum oerein te hâlden en dêr ek gau mear dúdlikheid oer jouwe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)