Soargen oer deibesteging

15 nov 2012 - 12:47

De soargen oer de deibesteging fan bygelyks deminte âlderen of hendikepten binne noch altyd grut, ek nei de tasizzing fan Premier Rutte dat der in goeie oergong komt yn 2014. It nije kabinet fan VVD en PvdA wol dat gemeenten de deibesteging tenei regelje. Mar se krije dan wol in besuniging oplein fan 25 persint.

Soarchynstelling Noorderbreedte fersoarget alle dagen de deibesteging fan in lytse 250 meast deminte âlderen. Ek dêr libje in soad soargen oer de oergong fan de finansiering nei de gemeente en fral de besparring dêrby

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)