Soargen oer brêge Appelskea

21 mrt 2010 - 17:15
  • Grutte frachtweinkombinaasjes kinne de brêge mar kwalik passeare

Ynwenners fan Appelskea hoopje dat de nije gemeenteried de gefaarlike situaasje by de smelle brêge by de Damslûs op de aginda set. It giet om in brêge fan de provinsje. Seis jier lyn wie der in plan om de brêge te ferbreedzjen, mar dat is ôfkard troch de gemeentlike wolstânskommisje.

No is it plan fan tafel, wylst der alle dagen swiere frachtauto's en trekkers lâns moatte. De brege rekket hieltyd wer skansearre troch de trekkers en frachtauto's.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)